Familie Bedriuw Wiersma - Minnertsgea,
Jetze Wiersma - molkboer oant wurd.


Skreon troch Marrit de Schiffart,
Publissearre in it algemien-kultureel opinyblźd De Moanne nr 6 - 2012


'Ik wurd fan 't jier 69. Eins hie ik al lang pensjonearre wźze moatten. Mar... ik kin it net. Boppedat, wat soe ik dan moatte? Om't myn libben sa run is as it run is, bin ik in hurde wurker wurden. As ik no nei dy supermerk sjoch, bin ik grutsk. Mar wat hawwe wy der foar skreppe moatten... Dagen fan fjirtjin oeren wienen normaal. Alle dagen fuort te suteljen. As ik weromsjoch, tink ik wolris: miskien hie ik op see bliuwe moatten. Dan hie ik mear tiid foar oare dingen han.' 'Johannes Vogel wie myn pake, de heit fan ūs mem. Hy wie beurtskipper fan berop, fear op Ljouwert. Oan board hie er skuon, kesjetten en sawathinne.Ein tweintiger jierren koe er it net mear bolwurkje. De komst fan de trein en de auto ha him derūnder strūpt. Doe moast er wat. It wie net in man dy't ūnder in oar wurkje koe. Ik tink dat er dźrom kontakt socht hat mei it suvelfabryk yn Feanwalden, Freia. Yn Berltsum - folle tichterby - wie ek in suvelfabryk, mar der krige Stallinga de molke en de brij wei. Stallinga wie de grutte konkurrint. Dy seach it fansels net sitten dat der noch in molkboer yn Minnertsgea komme soe en lei der it near op.







Sjoerd Wiersma mei keddewein 1951, neist him lytse Ansje en Jildert v/d Ploeg




























Us pake krige fan Freia in bakfyts yn brūklien. Dźrmei helle er moarns ier en betiid de bussen molke en brij fan it stasjon op Moaie Peal. Dan fytste er nei Minnertsgea en begūn te suteljen. De hūsfroulju hienen doedestiids net folie kar. Der wie molke of sūpenbrij, en simmers ek sūpe. It wie gewoan in kwestje fan de kannen foljitte mei in mingel. Stallinga en hy hienen beide har eigen ferpyldere klantekring. Stallinga wie grifformeard.ūs pake herfoarme. Pake hat net lang molkboer west. Hy krige de tarring en ferstoar yn 1941, neffens my wie er doe 65 jier. Doe moast syn dochter Jantsje ut te suteljen. Dat wie ūs mem dus. Dy wie doe goed 20 en hie ferkearing mei ūs heit, Sjoerd Wiersma. Hy kaam fan Easterein, wie kappersfeint yn Achlum. De oare bern woenen de saak net oernimme en us Heit koe syn wurk as kapper maklik opsizze. Sa waard hij de opfolger. Ik ha at fan hearren en sizzen, want ik wie der doe noch net, ik bin fan 1943. Us Heit en Mem hienen fansels net een goede start. It wie oarloch. Der wie neat te krijen. It fabryk levere fierstentemin molke. En dus helle us Heit extra molke by de boer. Dat linge der oan mei wetter. Ja, jo moasten wat om de klanten tefreden te halden. Nei de oarloch gong it better. De minsken krigen wat mear sinten en koenen dus mear keapje. It doarp waard grutter en de klantenkring dus ek. Wy hellen de suvel undertusken ek ut Berltsum wei. Net allinne mar molke en brij mear, mar ek aaien, fla, kofjemolke, būter en tsiis. Dy tsiis kochten alle molkboeren ut Barradiel by deselde tsiisboer, Vriend ut Noard-Hollan. Dat wit ik noch, as lyts jonkje fūn ik dat dy man sa'n frjemde namme hie.




















Pake Jehannes 1940






Familie Portret fan 1951 f.l.n.r. steand Jehannes, Mem Jansje, Heit Sjoerd, Pieter, Jetze,
Foar: Ansje,

Hoe't ik ūs heit en mem typearje soe? As hurde wurkers. Us heit hie it altyd drok. Hy wie net faak thūs. Wy mochten ek net mei te suteljen, der koe er ūs net by brūke. Hy siet ek yn de tsjerkeried. Dy fergaderingen wienen foar him ūtstapkes. Op in gegeven momint kochten se in kźde en in karre. Dat skeelde in soad ynspanning fansels, om't it bist de karre luts. Mar oft it libben der no echt makliker fan waard, dat freegje ik my of. It bist moast ommers fersoarge wurde, iten hawwe en it kampke dźr't er stie, moast ūnderhalden wurde. Boppedat wie it in hiele oankeap. Dat wie trouwens typysk ūs heit. Alles wat er fertsjinne, stoppe er wer yn 'e saak. Hy halde neat foar himsels. Woe ek net nei de bank om in liening. In lyk man is in ryk man, wie it motto. Dźrtroch hienen wy it net breed. Us heit wie ek net saaklik. In protte klanten koenen it winterdeis net lykhalde. Dan skeat er foar. Net elkenien koe dat wer werombetelje. Mar ūs heit moast wol alle wiken de molkrekken betelje.Us mem wie gewykster, koe eins better mei jild omgean, mar ūs heit hie it leste wurd.







Sjoerd Wiersma mei klant Marijke v/d Wal 1965





Doe't ik nei de MULO yn Sint-Anne gong, holp ik ūs heit faak. Nei skoaltiid of ūnder skoaltiid, as ik wer ris earder nei hūs mocht. Ik wie net in learder, hie gauris rūzje mei de leararen en die twa jier oer de earste klasse. Oan 'e ein fan dat twadde jier sei it haad fan de skoalle dat ik wol thūsbliuwe koe. Hy koe neat mei my wurde. Us heit fūn dat wol handich, hy hie altyd krekt in man te min. Doe ha 'k in jier mei him oan it suteljen west. Der hie ik al gau skjin myn nocht fan. Ik waard ūnrźstich, woe fuort, begriep dat der mear wie as Minnertsgea. Sa kaam it dat ik ein fyftiger jierren by de Maatskippij Nederlan sollisitearre. Yn dy tiid wie der oeral wol wurk, dat ik waard samar oannommen. Ik koe mei as lichtmatroas op in reis om 'e Filipinen, fan juny oant desimber. Mar it bleau net by de Filipinen. Dźrnei waarden wy wer earne oars hinne stjoerd. Uteinlik kamen wy pas in goed jier letter, yn july, wer thūs. Ik bin der oan board goed troch de moster fitere. As lichtmatroas wienen jo de leechste yn rang. Boppedat wie ik de iennige Fries. Elk skopte tsjin my oan. Nei dat jier mocht ik fan ūs heit en mem net mear farre. Us mem fūn dat ik fierstente lang fuort wie en ūs heit hie altyd al as de dea foar wetter west. Doe ha 'k in jier by it molkfabryk yn Seisbierrum op kantoar sitten, mar dat wie neat foar my. Ik wie myn frijheid kwyt. De see luts. Ik krige wurk by in kaptein ut Harns. As matroas op in lyts kusterke. Dźrmei binne wy yn de strange winter fan '63 yn 'e Oastsee ferūngelokke. Wy leinen yn Harns al ynferzen, koenen eins net in kant op, mar wy moasten en soenen nei Sweden. Underweis wie it oe sa damp, seachst gjin han foar eagen. Ynienen fleach der in grutte Finske boat oer ūs hinne. It kusterke wie binnen in kertier fuort. Gelokkich koenen wy fuortkomme op in rubberflot. Dy Fin is omdraaid en hat ūs oan board nommen. Dźrnei ha 'k noch by Van der Schoot -ek ut Harns - fearn. Dy hie boaten mei in radar. Der wie ik wiis mei, want ik hie dochs wol in tik krigen troch dat ūngelok. Undertusken helle ik myn stjoermanspapieren op de seefeartskoalle en letter de kapteinspapieren yn Grins. Dat farren wie myn libben wol wat. Jo wienen frij, libben net op oere en tiid en it fertsjinne goed.






































Sjoerd Wiersma mei de GeHa truck 1959


Dochs run myn libben oars. Ik moete Djoke yn 1964. Sy kaam fan Bitgum. Wy seagen elkoar net folie, want ik wie faak op see. Djoke gong wolris mei. Dat wie moai. Wy trouden yn septimber 1968. Ik hie my ūndertusken opwurke ta earste stjoerman op de Oostereems. Wy fearen op Marokko foar sinesappels. De hjerst nei ūs trouwen die bliken dat de molkboer fan Wier ophalde woe. Us heit woe de saak trochsette en wist dat as wy Wier derby krigen, dat wy der dan tegearre fan bestean koenen. Us heit koe it eins net mear dwaan. As ik dat wegere hie, dan hie de saak ferkocht wurde moatten. Ik hie trije broerkes en ien suske, mar dy hienen allegearre oar wurk. Dy kans yn Wier joech de trochslach. Djoke en ik hawwe it dien. Ik stie der ek wol achter. Ik joech frijheid en in fest ynkommen op, mar ik krige der in oare frijheid foar werom. Boppedat wie ik mear thūs. De ferlofregeling foar seelju wie doe noch net sa goed as no. Djoke wie swanger fan ūs aldste. Doe't dy berne waard, wie ik krekt in pear dagen thūs fan myn leste reis.






















Heit Sjoerd op Westerbuorren 1963




Familie Portret fan 1965 f.l.n.r. steand: Jetze, Jehannes, Pieter, Feike,
Sittend: Ansje, Heit Sjoerd, Mem Jansje

Us heit en mem hienen ūndertusken ek in tsiiswinkeltsje yn it doarp. Dat naam Djoke doe oer. Sy stie yn 'e winkel en wie by de bern en ik gong te suteljen. Us heit gong nei Wier en ik die tegearre mei Stallinga Minnertsgea. Nei in pear jier kaam Stallinga by ūs. Hy woe de boel ferkeapje. Hy wie siik en de dokter hie tsjin him sein dat er net wer better wurde soe. Doe is myn jongste broer Feike by de saak ynkommen. Tegearre ha wy in lytse 25 jier sutele. Earst hienen wy twa weinen, ien fan seis en ien fan san meter. Doe't dat te djoer waard, ha wy ien grutten kocht, fan njoggen meter. Yn de santiger jierren waard ūs assortimint hieltyd grutter. De wet wie oanpast. Ynienen mochten winkels alles ferkeapje. Der moasten wy op antisipearje. Behalve suvel ferkochten wy doe dus ek droege krudenierswaren. Der feroare yn dy tiid sowieso in soad. Sa hoegden wy net mear alle dagen nei de klant, kamen no allinne op moandeis, woansdeis en freeds. Alles gong op 'e pof. De measten betellen freeds foar de hiele wike. Dat gong hast altyd goed. Mar der wienen in pear by dy't alle wiken wer begūnen te mekkerjen. 'Ha 'k dat wier kocht?' En dan moasten jo dy striid wer oangean. Dat bliuwt jo by fansels. Ik fielde my somtiden ek krekt in maatskiplik wurker. Dy hūsfroulju stoarten har hiele hebben en houwen by my ut.

Op in stuit waard it doarp sa grut, dat ik oant acht oere jūns ta op 'en paad wie. En dźrnei noch ūtlade, skjinmeitsje en de kas opmeitsje. Jo dienen it, want jo wienen jong en jo wisten net oars. Yn 1995 halde Feike op en kaam myn jongste soan Klaas yn 'e saak. Ik fūn dat er better wat oars dwaan koe, mar dat woe er net. Ik hie al lang yn 'e gaten dat it net klearkomme soe. De wrald feroare. Froulju wurken en woenen nei it wurk alle boadskippen yn ien winkel keapje. Minsken begūnen riker te libjen, kochten in ekstra auto en hoegden sadwaande net mear yn it doarp te boadskipjen. Us klantekring fergrize. De supermerk hie ūs funksje oernommen. Ek yn Minnertsgea wie sūnt ein jierren santich al in supermerk. Doe't ik hearde dat de eigener der eins wol mei ophalde woe, seach ik ūs kans. As wy in goede winkel iepenje koenen, koenen wy oerlibje. Ik ha noch fjouwer jier mei Klaas sutele, doe ha wy de supermerk iepene. De eigener fan de alde supermerk kaam by ūs yn it wurk en naam syn klanten mei. Oaren dy't nei Sint-Anne te boadskipjen gongen, kamen wer werom. As ik no nei dy winkel sjoch, bin ik grutsk. Mar wat hat it in enerzjy koste, it wie somtiden in slavelibben. In hūdfol wurk foar in bytsje jild.'



Wiersma's supermerk 2012 Minnertsgea



Witte hoe't Klaas him no redt mei de supermerk? Besjoch it op De Moanne 6-12 filmke fan Suzanne van Zwam